Mei it stik ‘Bitterswiete Pil’ leit Jorwert de latte wer heech foar harren sels. De tragikomeedzje en musical fertelt it ferhaal fan it gesin Hiddinga, dêr’t alles foar de wyn liket te gean. Mar al gau docht bliken dat dit mar skyn is. Mem Marián sit sûnt in auto-ûngemak oan swiere pinestillende pillen. En hoewol’t se wit dat dy hiel ferslaavjend binne, komt se der mar net ôf. Ien fan de bywurkingen fan dy pillen is dat se dingen heart en sjocht dy’t der net binne. Foar Marián is de bywurking dat se faak it idee hat dat se yn in musical meispilet. En se hâldt net fan musical. ‘Bitterswiete Pil’ lit de ôftakeling fan Marián sjen en bytsje by bytsje wurdt dúdlik dat it net it auto-ûngemak is dêr’t har echte pine sit. Dy leit folle djipper.
Opgave:Truus Tromp
h.tromp27@kpnplanet.nl
Bank: NL66ABNA058255603 ov.v. Jorwert